Gesellige jûn Fugelwacht

Freed te jûn 23 febrewaris 2018 hâldt de Fûgelwacht fan Reduzum om 20.00 oere in jierfergadering. Om 20.30 oere komt Jacob Bijlsma, pensionearre boskwachter, fan it “Goddeloas Tolhûs” yn Broeksterwâld oan it wurd. Oan de hân fan dia’s, koarte filmkes en prachtige ferhalen nimt hy ús mei nei de natoer yn ‘e omkriten fan Broeksterwâld. Kom freed 23 febrewaris om 20.30 oere nei Café Bar de Welp foar in bysûnder gesellige jûn mei een echte man fan de natoer.