OEDS, hoe sit dat no?!

Oeral koarts. Gryp. Olympyske spelen en no ek OEDS. Want de KH2018 is los. Utferkochte sealen, terreinen, loadsen, tsjerken. Ekstra dagen… “En ik ha my oanmeld foar OEDS en ik hear mar neat. Hoe komt it?” Op moandei 5 maart is de kick-off (de ôftraap). Op ‘e boppeseal fan Jeroen en Lutske. Dêr is tusken 7 en 9 jûns de earste lêzing. Spilers en sjongers wurde dêr dan ferwachte. Se ha dan ek de spylteksten al krigen. Nei njoggen oere is elk wolkom foar in hapke en in slokje!