Presentaasje haakte tekkens

Yn septimber 2015 binne de Vrouwen van Nu úteinset mei in Haak Inn. It doel wie oan te heakjen by it projekt ‘Grootste gehaakte deken’.  In soad doarpsgenoaten út Reduzum en omkriten hawwe meihaakt oan de saneamde ‘beppe’s blokjes . Hawwe jim thús noch haakte blokjes, of binne jim benijd nei it ferhaal efter dit projekt? Woansdei 14 maart komt Monique van der Hoek ( ien fan de organisatoaren fan dit lanlik inisjatyf) ’s moarns om 10.00 oere yn it Lokaal yn Reduzum om de tekkens op te heljen.