Toanielpriis 2018 foar ROTO?

ROTO sit by de lêste 5 toanielferienings foar de toanielpriis 2018 fan it STAF. Dizze priis wurd ûnder oaren takent foar it plak dat it selsskip yn de mienskip hat, it fernijende karaketer fan de útfierings en op oare wize ûnderskiedend is. ROTO stiet iepen foar oarsoartige aktiviteiten, sa as dielname oan it Greidhoek festival, gearwurket mei oare doarpen en de jongeren belûkt by it toaniel. Op 26 maart moat der in pitch jûnt wurde, wernei 21 april de útslach bekent makke wurd. De earste priis bestiet út € 1000,- en noch 2 priizen fan elts €250,-