Is rinne beswierlik? Kom dan 7/8 july nei Oeds fan Fierwei

Foar minsken dy’t minder goed op ‘e gong binne: op 7 en 8 july wurdt ferfoer regele. We wolle graach witte om hoefolle minsken it giet. Dus is rinne beswierlik, mar wolle jo dochs Oeds fan Fierwei belibje? Meld jo dan foar 15 april fia info@theatergroepfier.nl of smyt in bryfke troch de bus by Jeltsje Brouwer it Houtstek 7, mei derop jo namme en adres, tillefoannûmer en as it kin emailadres.