Bestjoer kaartklub falt yn prizen

It skutjas seizoen yn Idaerd/Eagum is wer foarby. Der kamen dizze winter gemiddeld sa’n 18 manlju en froulju om de 14 dagen te kaarten yn it Lokaal fan Idaerd.
1e priis wie foar Tjeerd vd Hem, de ponghâlder. De twadde gong nei Sjouke vd Lei, foarsitter. Johan Nijdam wûn tredde priis. Skriuwster Anneke Nijdam – Arendz sleepte de fjirde priis binnen.