Nije haadrolspiler Oeds

Foarige moanne kaam it berjocht dat haadrol spiler Popke van der Zee slim siik is. Sa as hy sels seit: “Ik ha myn eigen Odyssee, ik ha myn eigen paad te gean op in gâns oare lokaasje. Ik moat no dizze rol oppakke en dat doch ik ek”. Teatergroep Fier is op syk gong nei in ferfanger foar Oeds.
Eins koe mar ien persoan dat wêze. Se binne dan ek tige wiis dat de skriuwer/oersetter van Oeds fan Fierwei, Peter Sijbenga, dizze rol op him naam hat.