Jiergearkomste ROTO

Woansdei 23 maai sil om 20.00 de jiergearkomste fan tonielferiening ROTO plakfine. Yn april hat ROTO de 2e priis behelle by de STAF toanielpriis 2018! Dit is in trijejierlikse priis foar toanielselskippen dy’t harren ûnderskiede troch in bysûnder plak yn de mienskip, dy’t fernijende foarstellingen meitsje of harren op in oare wize ûnderskiede.  In wurdearring foar eltsenien dy’t belutsen is by ROTO. Elkenien die op, efter of foar it toniel genietsje kin is wolkom by jiergearkomste.