Oeds yn Eagum

Net allinich yn Idaerd, Friens en Reduzum is Oeds te sjen en hinget de frykse flagge, mar ek yn Eagum.
Eagum is de nâle fan de wrâld en ea stie hjir in útkykpost fan Odysseus. Om dêr omtinken oan te jaan, sil der fanôf 25 juni oant 15 juli in spesjale eksposysje del setten wurde rûnom en Under de Toer fan Eagum.
Kom derom foarôf oan de foarstellingen earst efkes yn Eagum en lit jimme ferrasse.