It is gjin Fries dy’t nea yn Eagum wie!

Yn it kader fan Oeds fan Fierwei is ek yn Eagum wat moais op tou set. Want de foargonger fan ús Oeds, de klassike held Odysseus, hat op it plak dêr’t no de toer fan Eagum stiet, in wachtpost boud.  Sneon 7 july fertelt Hylke Tromp om 15.30 oere ûnder de toer yn Eagum noch wat mear oer dit ûnbekende stikje Fryske skiednis en jouwe twa Eagumers in taljochting oer de bysûndere tegel dy’t by de toer leit. Nei de rûnlieding is der yn de pleats fan Aqua Vino, in priuwerij fan klassike Grykske winen.