Frienzer Merke

Altiten it lêste wykein fan juny is de Frienzer Merke In gesellich feest foar jong en âld. Elts jier wurdt der wer ommeraak keatst,en is der it springkessen foar de bern. Foar de bern en de minsken dy’t net keatse wie der dit jier âld hollanske spultsjes by Kees en Trientsje yn de skuorre omdat it spitigernôch wat reinich waar wie. En oan it ein fan dizze gesellige dei koenen de fuotten noch efkes fan de flier mei muzyk fan Sita de Moor,dit wie in leuke spontane aksje fan Sita.