Archeologysk ûndersyk yn ‘e buorren

De Buorren, Haedstrjitte en Legedyk lizze wer (provisoarysk) ticht. Mei de rioelearring wurksumheden, fûn der ek noch lyts archeologysk ûndersyk pleats. Reduzum is as terpdoarp ûntstean oan de Middelsee en kaam geregeld ûnder wetter. Yn de ierdlagen wiene ûnder oare slinken sichtber út 1300, en kamen der diggels (kûgelpotten) út dy tiid boppe de grûn.