Reduzum yn Buro de Vries

Yn de simmerwiken komt it Omrop Fryslân-radioprogramma Buro de Vries alle wiken út in oar doarp wei en wurdt besocht om in portret fan dat doarp te meitsjen. Kommende snein is de útstjoering fanút Reduzum. It programma begjint om 11:00 oere. Wa’t it meimeitsje wol, is wolkom. Dan wol graach om 10:45 oere oanwêzich wêze by kafee bar de Welp. By moai waar sitte wy op it terras en oars sitte wy yn it kafee.