Wrafke

Myn namme is Afke. Folút ‘Afke fan it Fryske Wetterlân’. Berne yn it Ljouwerter Âldlân op 1 april fan dit jier en dat is gjin grapke. Ik bin d’r ien fan seis; ik haw fiif bruorren. Wy binne lykwols net fan it Fryske ras mar Labradors fan it jachttype. Ús mem wennet by Pyt & Emmy en dy. Sy hawwe al wol faker ris wat oan fokkerij dien, mar wy wiene ús mem har earste nêst. Mem is swart as de nacht, heit haw ik nea sjoen, mar hy moat in grutte blonde âldfader weze. Lês fjierder op side fan bistedokter