Wat docht de thúsbliuwer!

It is efter hûs sa waarm. Dêrom sit Fokje Ploegmakers, fan de Terp, graach yn ’t skaad foar hûs. Fokje har hannen stean nea stil, se mei graach hantwurkje. Hjoed is se dwaande mei it borduere fan in tafelkleed.