Klokken en minsken yn’e war

Eins wiene de klokken hjoed net yn’e war mar hawwe twa mannen fan Vellema dwaande west om beide klokken yn de Redúster tsjerketoer goed liede te kinnen. Earder al wie it izerwurk fêstmakke, skjin skrabbe en ferve. Beide klokken hawwe in nije motor en kettingen krigen. Links hinget de frouljus klok (hege toan) dy’t brûkt wurd om 12 en 18 oeren te lieden. Rjochts de mannenklok wêr’t in hammer tsjinoan slacht om de oeren en healoeren oan te jaan. By gelegenheid wurde beide klokken let.