Ferrassingsfeest foar Piet en Lies

Nei 11 jier it Frienzer Lokaeltsje beheard te hawwen, swaaie Piet en Lies Rodenburg per 1 oktober ôf. Sneontejûn waarden se ferrast mei in feestje. Neidat se foar in itentsje fuort lokke wiene, sammelden lju dy’t útnoege wienen har yn it Lokaeltsje om harren te ferrasse. Mei de mûle letterlik iepen seagen se alle bekinden stean en harren favorite band de Blues Busters. Oant nei middernacht waard der muzyk makke en dûnse om de prachtige 11 jier fan Piet en Lies yn en foar Friens te fieren.