Neipraatjûn Oeds

Neipraat is gjin praat wie it sechje en dan bedoelde men dat it gjin sin hie om nei te praten oer saken dy ’t no ien kear west hiene. Mar… neipraat kin hiel gesellich wêze. Je hawwe wiken mei elkoar oplutsen om in prachtich stik foar it fuotljocht te bringen. It wie yngeand, it wie hyt, it wie roetkâld, it wie fan alles en noch wat, mar it wie by ’t einsluten benammen moai. Dêrom ha we op 22 septimber jûns by Jeroen en Lutske in neipraat jûn.