Bingo!

Sneintemoarn gie der in ballon fanôf it sportfjild de loft yn. Ien fan de reizgers wie Janne Rinske Bokma en har freon, sy hiene de ballonflecht wûn mei de bingo fan de merke. ‘Ballonfarre yn de moarntiid is wer ris wat oars….alles is folle rêstiger en jo hoege net foar donker klear te wêzen’, sa seit flechtlieder. De ballon is yn Kollum lâne.