In plakje foar de jeugd

Doarpsbelang en Jeroen van Dijk hawwe yn gesprek west mei in oantal jeugdigen en harren âlders út it doarp. In iepen en oriënterend gesprek oer de jeugd tusken 12-18 jier binnen ús mienskip. Wa hat of wa wit in plak foar in keet of oare romte foar de jeugd fan 15 oant 18 jier. Dizze groep wol graach harren eigen romte om byelkoar te wêzen. Mail kin nei: doarpsbelang@reduzum.com