Baukje Wytsma beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Fannemoarn hat skriuwster Baukje Wytsma út hannen fan kommissaris Brok in keninklike ûnderskieding krigen. Dit as blyk fan wurdearring foar al har krewearjen foar de kultuer yn Fryslân: de literatuer, de muzyk, de berneboeken en wat hat se allegear net by it ein hân. Harkje nei it radiofragmint fan Omrop Fryslân (by 42.35 min)