Nije behearders

Sûnt de earste novimber binne Corrie de Jong en Franke Visser- de grutske nije behearders fan doarpshûs ’t Lokaeltsje yn Friens, wêr’t sy fan ôf de earste desimber ek wenje sille. . De earste wike binne hja fuortendaliks troch de wol ferve, mei de toanielklup, de kaartklup, Frouljuswille, de Gesellige Jûn en Sinte Maarten! Ôfgryslik… gesellich, dus dat komt hielendal goed! Mar wa binne no eins Corrie en Franke? Yn de Linepraet sille se in lyts tipke fan’e sluier oplichtsje.