Swart is sa tryst

Tonielferiening De Vriendenkring fan Idaerd is noch drok oant oefenje foar it kommend wykein. Dan sette se it stik ‘Swart is sa tryst’ op ‘e planken. Freed hawwe se de generale en sneon 26 jannewaris en tiisdei 29 jannewaris om 20.00 oere spilje se foar doarpsgenoaten en oare belangstellenden.