Skiep op’e Terp

Fanôf hjoed rinne der wer skiep op’e terp oan de Legedyk. Dat is altiten in moai gesicht. De minsken en foaral bern wurde warskôge net yn it lân te kommen om’t der in folwoeksen raam by rint. En dizze raam is net benaud grutte minsken in flinke stjit te jaan! Dit docht’er om’t hy syn neiteam beskermje wol. Dus út it lân bliuwe!