Komkommertiid

Ynkoarten begjint foar soad minsken de fakânsje. In soad bedriuwen slúte foar in oantal wiken de doar. It ferieningslibben yn ús doarpen leit foar in part stil en hat dus ek gjin nijs te melden. It is dus komkommertiid.
Fansels bart der noch genôch. Hawwe jimme in kanarje die it Frysk folksliet fluitsje kin, in kat mei aparte gewoantsjes, of wat foar núveraardich dan ek, nim dan kontakt op mei de redaksje. Ommers, gjin nijs is ek nijs.