Griene sop mei iel

1 sipel, 100 g farske spinaazje, 150 g rikke iel, 20 g bûter, 1 l hinne bouillon, 1 ytleppel fynhakte peterselie, 1 ytleppel fynhakte kervel. Foarwurk: Snipper de skille sipel. Waskje de spinaazje. Hak de spinaazjeblêdsjes fyn. Snij de iel in reepkes fan 1/2 sm. Berieding: Fruit yn in soppanne de snippere sipel yn de bûter sêft en glêzich. Foegje de bouillon ta. Sier de bouillon en doch de spinaazje en griene krûden yn’e sop. Ferleegje de temperatuer en lit de sop 8 minuten hiel sêft sierde. Smyt op it lêste momint de ielreepkes ta. Lyts flutske rjemme, optsjinje en lekker ite !!