De lekkerste oaljebol fan 2020

In hiele dei wie it testteam, ûnderlieding fan André Zijlstra, op paad. Der waard besocht om geheime resepten te ûntfutseljen, maar foaral in soad preaun. Oaljebollen út it fet of út de oven, it wie in smaaklike en hilaryske dei. Wol 15 húshâldings hiene harren opjûn. Mar de allerlekkerste oaljebol wie fan Fenna Noordenbos. Wêrom dizze sa bysûnder is sjogge jim yn it filmke dat moarn online komt.