Gjin toanielútfierings ROTO

It sil grif net as in ferrassing komme, dat dit jier de útfierings fan ROTO neat wurde. It bestjoer hat noch wol oan it nei tinken west oer in oare datum. Dêr nei ha se noch in kear by elkoar sitten en doe dochs besletten om ‘t in jier op te skowen. Dit jier sil der dan ek gjin stipers bydrage ôfskreaun wurde. Se hoopje jimme allegear wer by de toanielútfierings te sjen yn 2022.