Keninklik lintsje foar Paule Schaap

Dizze moarn, yn har fakânsje, waard Paule Schaap fan Eagum bliid ferrast mei in telefoantsje fan boargemaster Buma. Hy fertelde dat se keninklik ûnderskieden is. Paule is no lid yn Oarder fan Oranje-Nassau. Se kriget it lintsje ûnder oare foar har frijwilligerswurk foar de lokale mienskip, it doarpslibben yn Idaerd en sportferiening.