Feest mei Juf Klaske en Tomke

It wie juster feest by de pjutten yn Reduzum! It wie Juf Klaske har jierdei en fan hjoed ôf giet se mei pensjoen! Dûbel feest dus. Dizze moarn stie yn it teken fan Tomke! It tomke draaioargel kaam del en Riemkje Pitstra spile de foarstelling ‘ien nachtsje sliepe’. Tomke wie der sels ek op de peuteropvang De Earste Wjukslach. In tige slagge moarn!