De sinnefertsjustering

Hjoed wie der wer wat bysûnders yn de loft te sjen. De moanne en de sinne dy’t tagelyk te sjen wiene en wêrby de moanne foar de sinne kaam en sa ‘hapkes’ út de sinne naam. In fertsjustering!  Mei in spesjale bril koest der nei sjen, mar ek mei de spesjaal makke stellaazje fan amateur stjerrekundige Fetze Tigchelaar. Hy kaam op skoalle om de bern dit sjen te litten en der oer te fertellen. It wie allegearre hiel nijsgjirrich! Sa koene de bern tagelyk de fertsjustering sjen.