Bloeiende gevels

De stokroazen bloeie op ’t heden rûnom om ús hinne. Se hawwe hast gjin grûn nedich, se groeie gewoan tusken de tegels. Sa ek oan de Buorren, Haedstrjitte of Legedyk dêr’t se mei in ferskaat oan kleuren de gevels opfleurje.