Tsienzerbuorren hat eigen busbaan

Tsienzerbuorren hat in eigen busbaan krigen. Trochdat de dyk in stikje nei de súdkant opskood is, koe der oan de noardkant in stripe mei klinkers kommen, dy’t oanslút op it parkearterrein by it tankstasjon. Hjirtroch hawwe bewenners mear sicht as se harren hiemen op- of ôfride. Ek kinne fytsers en fuotgongers no de huzen oan de noardkant berikke sûnder oer te stekken. En ús eigen skoalbuske kin fia dizze ‘busbaan’ de bern feilich ophelje.