Durk van Gorkum 60 jier organist

De Gertrudistsjerke yn Idaerd siet sneontemiddei fol by it Bach konsert fan Theo Jellema. Dêrnei waard der yn it Lokaal omtinken jûn oan it 60-jierrich jubileum fan Durk van Gorkum as organist fan de tsjerken fan Hervormde gemeente Reduzum- Idaerd c.a.. Durk is yn 1961 yn de Gertrudiskerk yn Idaerd en yn de tsjerke fan Friens begûn as organist .