Timmerdoarp

De skoallen binne ticht en wat is der no lekkerder as yn de bûtenloft boartsje? De kommende wike(n) ûntstiet in nij doarp oan de ein (as begjin) fan de Master Gorterstrjitte. In plak dêr’t je tegearre spikerje, seagje en mei elkoar moaie hutten bouwe kinne. Komst ek? Nim yn elts gefal in hammer, seage en wat spikers mei. Wa betinkt de namme fan it timmerdoarp? Wa makket de leukste vlog? Wa wol gewoan lekker spikerje? Kom mar del! Heiten en memmen (of pakes en beppes) bringe fêst ris wat lekkers del. Projektlieders Albert en Jeljer sykje noch moaie krystferljochting en kinne ek wol in krystbeam brûke!