Stoarmeftige opbringsten

De Redúster doarpsmûne leveret yn febrewaris in topproduksje oan duorsume enerzjy. Dêrnjonken is de stroompriis eins nea sa heech west. De mûne moat noch in pear moanne draaie foardat er delhelle wurdt en syn opfolger (EWT) de honneurs waarnimt foar de takomst. Yn elts gefal smyt er de kommende moannen noch moai wat op mei in stroompriis dy’t trije kear sa heech leit as de ôfrûne jierren.