Theatergroep FIER is wer los!

Iepenloftspul de Godlike Komeedzje 2.0 (oer goaden en robots) is úteinset mei de repetysjes. Bert Noordenbos repetearret mei it koar en de muzykgroep. De spilers repetearje ûnder lieding fan de nije regisseur Job de Roo, dosint drama by it Friesland College. De útfieringen binne op de folgjende dagen yn Friens: Moandei 27 juny (generale foar alle frijwilligers), woansdei 29 juny (premjêre), freed 1 july, sneon 2 july, freed 8 july, sneon 9 july, snein 10 july. Suksesopsje: tiisdei 12 july en woansdei 13 july. Mear datums en ynformaasje: www.theatergroepfier.nl en op facebook.