Koeke en zopie

Ofrûne winter koe der spitigernôch net reedriden wurde op de iisbaan. Hjirtroch bliuwt de iisbaankommisje mei in foarried sûkelademolke sitten.
Mar no’t de winter wer begûn is, traktearret de iisklup hjoed fan 16:00 oant 17.00 oere op koeke en zopie.
Hoechst net lid te wêzen fan de feriening, elkenien is wolkom op de iisbaan!