FIRST LEGO League

Ype Dijkstra, Aldert Weima, Finn de Schiffart en in klasgenoatsje, ha as fertsjintwurdigers fan CSG Comenius út Ljouwert, meidien oan de regiofinale fan de FIRST LEGO League. Dit is in ynternasjonale technologywedstriid foar bern fan 9 o.e.m. 15 jier. Se ha hjir sawol de deipriis as de saneamde ynnovaasje-award wûn. Mei beide yn de bûse sille se op 21 maaie nei de BeNeLux-finale yn Rotterdam en stride sy mei 23 oare teams yn dizze twa kategoryen.