Krû leden socht

Lekker iten, fette muzyk en leuke aktiviteiten foar jong en âld. Hasto 2 july al yn de aginda? Dan is nammentlik de earste edysje fan it iennige echte Muzuder Iepenloft Festival! 🎉 It Muzuder team is al drok oan ‘e gong mei de tariedings. Hasto nocht om ús in hantsje te helpen op 2 july, yn ruil foar in tagongskaart? Jou dy dan alfêst op fia info@muzuder.nl! Sy kinne bygelyks wol wat help brûke by it opbouwen fan it terrein, it regeljen fan it ferkear, it ûntfangen fan de besikers en it begelieden fan aktiviteiten.