Friens op syn Paasbest

Ofrûne sneontemiddei ha de bern fan it jeugdwurk sûnt tiden wer in gesellige middei hân. Peaske nifelwurkjes meitsje, aaien fersiere, kleurplaten opkleurje, keekjes bakke en sûkelade-aaien sykje. De bern ha selsmakke peaskepakketsjes by de âlderein yn Friens rûnbrocht, dit waard tige op priis steld!
In lytse ympresje.