Jiergearkomste Linepraat

2021 wie opnij wer in bysûnder jier. It bestjoer, redaksje, drukkers en pakkers fan de Linepraat koenen hast net byinoar komme om it ien en oar te regeljen. Alles gong fia de tillefoan, de mail en de app. Dochs is it slagge om wer alve kear dit jier de Linepraat te meitjsen én te besoargjen by al ús ynwenners, en waard eltsenien op ’e hichte holden fan it ‘wel en wee’ yn ús doarpen. Dit jier sil de Linepraat op syk nei in nije haadredakteur/- trise. Op de jiergearkomste fan 20 april hoopje sy jim mear fertelle te kinnen.