Theatergroep FIER siket telefyzjeskermen!

Op 5 april is theatergroep Fier úteinset mei de repetysjes op de pleats fan Johan Bergsma yn Friens. Ek de bouploech û.l.f. Hylke Riemersma is him oan it tarieden en sa gau as de ‘earste sneed’ fan it lân is, wurdt it dekôr opboud. De naaiploech û.l.f. Minke Jorna is al drok dwaande en treft de nedige tariedings. De technyk is yn hannen fan Frederik van Dijk en hy sil der mei syn team wer in bysûndere draai oan jaan.
By dizze de oprop: Hasto noch in âlde wurkjende telefyzje stean, mei in plat skerm fan in aardich formaat, lit it witte!!