Foarjiersaktiviteit Friens

Nei de jiergearkomste fan Pleatslik Belang yn maart, wie it no tiid om wer ris in aktiviteit foar jong en âld te organisearjen. Rûn 10.30 oere ferwachte it bestjoer sneintemoarn alle minsken dy’t harren opjûn hienen, yn it Lokaeltsje foar in bakje kofje en foar de bern in glêske limonade. De opkomst wie grut mei sa’n 43 minsken. Nei de kofje mei in hearlike koek wie it tiid om op de fyts te stappen. Nei de fytstocht fan sa’n 10 kilometer stie der foar elkenien in hearlike lunch klear yn it Lokaeltsje!