De stekker is der úthelle…

Nei 28 jier trouwe tsjinst hat Stichting Doarpsmûne Reduzum fan ‘e middei ôfskied naam fan de Micon wynturbine. Henk Vellinga en Bartle de Leeuw lutsen út namme fan it âlde bestjoer de stekker derút. Oare wike sille se de mûne ûntmantelje. Yn wike 20 wurdt de earste peal slein fan de nije mûne.