Kuiertrijedaagse fan start

Hjoed wie de earste dei fan de kuiertrijedaagse. De kuierders koene mei in boat de oertocht meitsje út de haven mei fisker Ale de Jager nei it Swinlân. Under it wachtsjen op de boat, koene de kuierders in angel útgoaie. As ôfsluter wie der foar elk in lekkere raket. Dan rint it moarn ek wer grif as in raket!
Moarn, woansdei en tongersdei kinne jimme ek noch meirinne, foar ferrassende kilometerkes.