In nije ridende baar

De âlde ridende baar hat hiel wat minsken yn it ferline nei harren lêste rêstplak brocht. No is hy sels oan syn rêst ta! De âlde baar wie fan de útfeartferiening De Laatste Eer. Hy koe troch elk brûkt wurde, net leden moasten wol wat betelje. 
De nije baar is beskikber steld troch de tsjerke. Hy mei allinne brûkt wurde op de tsjerkhôven fan Reduzum, Eagum, Friens en Idaerd. It gebrûk fan de baar is fergees, allinne foar it ferfier nei de doarpen binne kosten ferbûn. Hjirfoar kinne útfeartbegelieders kontakt op nimme mei De Laatste Eer.