Eksamens sette útein

Soanen, dochters, buorfamkes en buorjonkjes, foar harren binne hjoed de eineksamens begûn. De redaksje wol elkenien in soad sterkte winskje. En wa wit kin heal juny by al dizze bern de flagge út.

Binne jim slagge, mail it nei redactie@reduzum.com dan sette we jimme op ús spesjale side.