Bachkonsert Theo Jellema yn Friens

Stedsorganist Theo Jellema spilet sneon 21 maaie yn Friens o.s. it tredde konsert yn de rige ‘Trije jier Bach’. De searje bestiet út 24 oargelkonserten dy’t, ferdield oer trije jier plakfine sille yn in pear Ljouwerter tsjerken en yn in tweintichtal doarptsjerken dy’t ta de gemeente Ljouwert hearre. De tagong is fergees, in lytse frijwillige bydrage nei ôfrin wurdt op priis steld. Mear ynformaasje stiet yn dizze link.