Jeu de pelote

Kommende tiisdei, 24 maaie, stiet yn Reduzum om 19.00 in kreaker by it Jeu de Pelote op it programma! It team fan Reduzum nimt it thús op tsjin Jellum-Bears II. Team Reduzum wurdt foarme troch: Johannes G. Brinksma; Wytse Erik Tijssen; Alfred Postma; Pieter Roorda; Sjoerd de Boer en Willem Fopma. Dizze mannen kinne grif wol wat stipe brûke…
Boppedat is it Jeu de Pelote ek in aardige keatsfoarm om nei te sjen. Mis it dus net en wês der takom tiisdei by: 19.00 op it sportfjild.